Maart 2008
|
Wa't wol kin syn reaksje jaan. Staf hopet, dat in protte selskippen hjir gebrûk fan meitsje sille, want dit kin ús goed helpe om noch better yn te spyljen op de winsken fan de selskippen en de toanielkriich fan Staf sûn en sterk te hâlden. |
Ynhâld
- Ynlieding
- Haadstik 1 - 1. It Undersyk
- Haadstik 1 - 2. Antwurden op de fragen
- Haadstik 2 - Konklúzjes
- Haadstik 3 - Oanrekommandaasjes
- Bylage 1 - Undersyk Ger Sterk
- Bylage 2 - Selskippen dy't meidienen oan it ûndersyk
- Bylage 3 - Standert fragelist
- Kontaktformulier
Ynlieding
It ferslach fan it ûndersyk dat de de kriichkommisje op fersyk fan it bestjoer fan STAF útfierd hat nei oanlieding fan in ûndersyk fan karmaster Ger Sterk.
Op de karmaster slûtjun fan maaie 2006 presintearre karmaster Ger Sterk syn, op eigen manneboet opsetten, ûndersyk.
Ut dit ûndersyk die bliken dat it tal selskippen dat oansletten is by STAF aardich groeit, wylst de dielname oan de toanielkriich krekt werom rint. (Bylage 1)
Ger hie dêr soargen oer en frege him ôf wat de reden wie fan dizze ûntjouwing. Ut de grafyk dy ’t er fan it ûndersyk makke hie die bliken dat wannear de trend him trochset der oer in stikmannich jierren net folle selskippen oerbliuwe foar de toanielkriich. Dêrnjonken makke Ger dúdlik dat it meitsjen fan sa ’n grafyk in handige oanlieding wie adekwaat antisipearje te kinnen op it ferlet fan it tal karmasters no en de kommende jierren.
Yn de statuten fan STAF dy ’t yn 2000 gearstald binne stiet it no folgjende omskreaun:
Kêst 2
1. De stichting hat as doel :
a. it befoarderjen fan it amateurtoaniel en de dramatyske foarming yn de provinsje Fryslân yn al har ferskiningsfoarmen : ûnder mear op it artistyk, estetysk, technysk en organisatoarysk mêd;
c. in bydrage te leverjen oan de ûntwikkeling fan de keunstsinnige foarming; yn it bysûnder yn groepsferbân ;
It krekt neamde besiket STAF te berikken troch organisaasje fan de jierlikse Toanielkriich
STAF hat oan de kriichkommisje de opdracht jûn om, nei oanlieding fan Ger’s ûndersyk, in neier ûndersyk út te fieren. It doel fan dit ûndersyk wie in byld te krijen wat de redenen fan de selskippen binne om net mear oan de toanielkriich mei te dwaan. It ûndersyk is rjochte op de selskippen dy ’t nei it winterskoft 2003 – 2004 ôfheakke binne en net wer meidienen. De útkomsten sille brûkt wurde om goed yn te spyljen op de konstatearre ûntjouwing.
Yn Haadstik 1 fan dit ferslach lêze jo hoe ’t de opset fan it ûndersyk yn elkoar stekt en wat de reaksjes binne.
Yn Haadstik 2 steane de konklúzjes dy ’t lutsen binne nei oanlieding fan de reaksjes fan de selskippen op de ferskate fragen yn it ûndersyk.
Yn Haadstik 3 steane de oanbefellings dy ’t liede kinne ta in gruttere dielname oan de toanielkriich.
Haadstik 1
1.1 It Undersyk
Ut de administraasje fan STAF docht bliken dat der op dit stuit 141 selskippen oansletten binne by STAF. Hjirfan dogge sa ‘n 60 mei oan de toanielkriich.
It oantal selskippen, dat jierliks meidocht oan de toanielkriich fluktuearret nochal. In tal selskippen freegje, fanwegen ferskate redenen, ûntheffing oan fan dielname.
Fan dizze selskippen is dúdlik wêrom’t hja ien of meardere kearen net oan de kriich meidogge.
Der binne ek in soad selskippen dy ’t wol oansletten binne by STAF, mar noch nea oan de kriich meidien ha.
Om in goed byld te krijen omtrint de selskippen dy ’t harren net opjûn ha foar de kriich fan de winterskoften 2004-2005, 2005-2006 en 2006-2007 en foar dy tiid wol meidienen, hat de Kriichkommisje fan STAF yn oerlis mei it bestjoer it beslút nommen om in telefoanysk ûndersyk te dwaan.
Yn totaal giet it om 20 selskippen.(Bylage 2)
Om in falide ûndersyk te dwaan waard gebrûk makke fan in standert fragelist, dy ’t gearstald is troch de Kriichkommisje. (Bylage 3)
Yn de praktyk die bliken, dat by de telefoanyske petearen mei de selskippen gauris ôfwykt is fan de standert fragelist, om ’t pratendewei in soad saken oangeande it amateurtoaniel op it aljemint kamen.
1.2 Antwurden op de fragen :
Wat is de reden dat jimme selskip net mear dielnimt oan de Toanielkriich?
- Wy dogge sûnt ’92 net mear mei. Dit hat net in echte reden, wy spylje foar it doarp en dat is prima.
- Wy moatte foar 1 oktober opjaan wannear wy spylje en hokker stik. Dit is foar ús te betiid.
- Ek fine wy de karmasters net opbouwend, hja jouwe ôfbrekkende krityk.
- Wy hawwe twa kear meidien en dat wie bêst aardich en learsum, mar wy waarden der wol o sa senuweftich fan.
- Wy spylje foar de aardichheid en binne miskien wol wat te amateuristysk.
- Wy dogge sûnt 2004 net mear mei, om ’t wy hieltyd te let binne mei it opjaan fan de datum en it te spyljen stik. Wy spylje pas yn april en witte net foar 1 oktober wat we dwaan sille.
- Us regisseur fan eartiids stie net efter dielname oan de kriich. Hy fielde him dan net frij om in eigen ynfolling oan it stik te jaan.
- Ek is der in kear yn it neipetear “op de man “ spile. Dêrtroch woenen guon spilers net mear meidwaan. Yntusken is de situaasje wol wat feroare en wy oerwage om wer mei te dwaan.
- west mei de karmasters. De spilers fine harren te string, hja beoardielje te profesjoneel. It leit him ek oan de wize wêrop krityk jûn wurdt. Wy fine it wichtich om advys fan bûten út te krijen en oerwage om dan mar ris in pear eks-karmasters út te noegjen.
- Wy hawwe in hiele negative ûnderfining mei de karmasters. Wy hienen in moai stik, wat we sels bewurke hienen, mei in soad absurdistyske humor. De karmasters hawwe hjir neat fan begrepen en it stik bot ôfkreake. Hjir hawwe wy in flinke kater fan. Dêr komt noch by dat it altiten al muoisum lei, om ’t de regisseur net oer krityk koe en it neipetear yn in rûzje- eftige sfear ferrûn. Dat joech in soad druk by de spilers.
- Der wienen hieltyd omstannichheden, dat wy net meidwaan koenen of woenen mei de kriich. It stik wie noch net ôf of wy hienen gjin regisseur of wy dienen wat oars dan in jûnfoljend stik. Saken dy ’t bûten de kriich leinen.
- It slagget net goed om spilers en in regisseur te finen. Uteinlik slagget it dan, mar dan binne wy te let foar opjefte.
- Wy hawwe de lêste jierren yn maaie spile en dat is te let om mei te dwaan.
- Ek binne der yn it ferline in oantal negative ûnderfinings mei karmasters west.
- Wy spylje net mear om ’t wy gjin spilers hawwe en gjin plak om in útfiering te hâlden.
- It is gjin ûnwil. Wy komme alle jierren wat te let op gong en op 1 oktober moatte de boekjes der al wêze.
- Wy kinne net genôch spilers krije om in stik op de planken te setten. Wy hawwe wol wat mei de bern dien.
- De Fryske Krite hat gjin toanieltakke mear. Wy hawwe spul hân. Der spilet no in aparte toanielploech yn ús doarp.
- Wy binne ûntstien út in fúzje fan twa selskippen. Earst koene wy twa produksjes op de planken sette. Dat slagget no net mear.
- Der wie in hieltyd lytsere foarrie oan folwoeksen spilers. Kriich koe net mear. No in produksje hân mei 13 jeugdspilers en wat folwoeksen spilers.
- Wy hienen in wat oare opset oangeande dekôr, ljocht en lûd; dat waard ôfkreake troch karmasters; it foel ús allegearre wat rou op it dak; doe mar net mear karmasters frege; ien karmaster foldie skoan.
- It selskip moat him te betiid opjaan. 1 Oktober is de nekslach foar ús. Der binne in soad nije spilers; it stik moat lutsen wurde troch de minsken mei ûnderfining; men hat wol ûnderfûn dat de karmasters wolris wat te kritysk wienen; de spilers wolle wille hawwe oan it spyljen.
Binne jimme fan doel om meikoarten wer diel te nimmen oan de kriich?
- Wy wolle altiten wol meidwaan mar dan moatte wy wol spilers en in regisseur ha.
- Wy spylje no ek in stik yn it winterskoft en wolle mei dit stik wol wer meidwaan.
- Wy ha in nije regisseur en dy wol dat wy wer meidogge. Ja, dus.
- Ik tink it net, want it kin it bestjoer neat skele en wy hawwe de saak net foar 1 oktober klear.
- Nee, wy spylje in blijspul wat tige âld is en witte no al dat de karmasters it ôfkreakje sille. Dy fine dat wy foar ús nivo net sokke stikken spylje moatte; mear útdaging sykje. Mar wy spylje foar ús publyk en dy fine dit moai.
- Ik sil it oan de oarder stelle yn de ledegearkomste.
- Elts jier komt it oan de oarder yn de ledegearkomste, mar hieltyd is it andert nee. Ik tink dus net dat wy meikoarten wer meidogge, der binne noch tefolle negative reaksjes.
- As wy op 1 oktober witte hokker stik wy spylje en foldwaande spilers hawwe, wol.
- Ik sil it beprate yn de ledegearkomste, want it liket my persoanlik wol aardich om mei te dwaan.
- Wy hawwe allegearre nije spilers, de minsken mei minne ûnderfinings mei it neipetear binne der út, dat wy wolle no wol wer meidwaan.
- Nee, wy spylje allinnich foar ferdivedaasje. It meidwaan oan de kriich hat foar ús gjin inkele wearde.
- Wy sille it der efkes mei it bestjoer oer ha.
- Dat is net mooglik, mar wy hâlde fol !
- Oer in jier as twa sil dat wer mooglik wêze.
- Wy dogge yn winterskoft 2007-2008 wer mei.
- Jawol, as der wer wat sterkere spilers binne; de sinteraasje spilet ek mei om in goede regisseur te krijen.
As jimme wer dielnimme ha jimme dan ek bepaalde ferwachtings oangeande de toanielkriich fan STAF?
- Wy wolle der wat fan leare. Dan moat de krityk opbouwend wêze.
- It neipetear moat net oer it stik gean, wêrom as eat wie sa ‘t it wie , dat is in beoardieling fan de regisseur. It moat der op rjochte wêze om de spilers entûsjast te meitsjen, de spilers moatte der wat fan leare, suggestjes jaan en stypje yn it spyljen. It giet om it belibjen fan it spul.
- De karmasters moatte better leare hoe ’t hja krityk jouwe, bewust wêze fan de wize wêrop hja dingen sizze. It binne allegearre amateurs dy ’t it bêste der mei foar hawwe en hja dogge it foar de aardichheid.
- De karmasters moatte harren net dwaande hâlde mei de kar fan it stik. Dêr giet it net om. It is oan de ploech om dat sels út te sykjen. Dêrnjonken moatte de karmasters objektiver wêze by it skôgjen fan it stik en it jaan fan kommentaar.
Soe it helpe as STAF yn in persoanlik petear mei jimme bestjoer ien en oar taljochtet en út de doeken docht.
- Dat fyn ik in goed plan, ik sil it oan de oarder bringe yn de earst folgjende bestjoersgearkomste. ( 4 x )
- Wy dogge net mei. Jimme hoege net te kommen.
- Nee, want wy binne hieltyd te let. ( 2 x )
- Ja, jimme krije in útnoeging foar ús ledegearkomste.
- Dat hat gjin doel. Us foarsitter wol net meidwaan.
- Ik sil it meinimme nei it bestjoer. ( 2 x )
- Ik sil it dizze winter oan de oarder bringe op de ledegearkomste.
- Ik sil it mei it bestjoer oerlizze. Jo hearre it noch fan ús.
- Ik sil mei it bestjoer oerlizze of hja noch neiere ynformaasje oangeande de kriich hawwe wolle.
Opmerkings en bysûndere útkomsten
- It is net maklik om mannen te finen dy ’t spylje wolle. ( wurdt gauris opmurken )
- Wy fine faak de stikken net dy ’t wy nedich hawwe of wy kinne net de krekte spilers by elkoar krije.
- Sa gau as it kin dogge wy wer mei, want it jout wol in ekstra diminsje, de punten en de kriich en it petear is altiten aardich en learsum.
- Foar 1 oktober opjaan is wol betiid, Yn novimber hawwe wy mear romte.
- Wy wolle ús wol foar 1 oktober opjaan, mar as it net slagget om de saak rûn te breidzjen wolle wy wol graach útstel of ûntheffing.
- De karmasters binne wol wat in elite klupke.
- It is wol spitich dat wy net mear meidogge, want it jout wol wat ekstra.
- Us doarpshûs giet ticht en dan hawwe wy gjin romte mear om te spyljen. Gjin idee hoe ’t it dan komt.
- Wy hienen in raar gefoel by de lêste kriich útslach yn de Lawei. In nuvere priis útrikking !
- Besykje goede minsken te behâlden by de karmasterij. Miskien moat der in databank komme fan sokke minsken.
- Dat wurdt yn it bestjoer noch efkes bepraat.
- De kriich komt wolris wat formeel, sis mar "truttich", oer. It koe allegearre wol wat losser.
Haadstik 2
Konklúzjes
Ynlieding
Yn in wurkgroep, besteande út de minsken dy ‘t dit ûndersyk útfierd hawwe , mei help fan trije karmasters, binne de antwurden fan de selskippen op de stelde fragen wiidweidich bepraten. De antwurden binne dêrnei per fraach analysearre, teld en yndikke ta in oantal konklúzjes.
Op dy konklúzjes binne de oanrekommandaasjes yn haadstik trije basearre.
Wat is de reden dat jimme selskip net mear meidocht oan de toanielkriich ?
- It funksjonearjen fan de karmaster(s) is de reden fan it net wer meidwaan. (8x)
- Oare eksterne faktoaren oangeande de organisaasje (gjin spilers, seal, regisseur). 8x
- Al of net meidwaan hat te krijen mei ambysjes fan it selskip. (6x)
- Men docht net mei om ’t men gjin datum of stik hat. ( 3x)
- De spilers ûnderfine tefolle druk by it spyljen as karmasters skôgje. (2x)
- Selskippen litte har liede troch de regisseur.
Binne jimme fan doel om meikoarten wer diel te nimmen oan de kriich ?
- Men is net fan doel om wer mei te dwaan om ’t eksterne faktoaren dat beynfloedzje(organisatoarysk). (8x)
- Men tinkt fan net om ’t de karmasters in negative ynfloed hân hawwe. ( 3x)
- Wy sille wer meidwaan oan de kriich. ( 3x)
- As men op ‘e tiid in kar fan it stik meitsje kin of genôch spilers hat kin dat wer in reden wêze om mei te dwaan.
As jimme wer dielnimme; hawwe jimme dan ek bepaalde ferwachtings oangeande de toanielkriich fan STAF ?
- Wy wolle wat leare.
- De kar fan it stik moat net troch de karmasters beoardiele wurde.
- Karmasters hearre objektyf te wezen.
- Karmasters moatte entûsjasme opwekke.
- De regisseur mei net beoardiele wurde.
Soe it helpe as STAF yn in persoanlik petear mei jimme bestjoer ien en oar taljochtet en út de doeken docht ?
- Dat sil net helpe want men is te let mei opjefte.
- 10 selskippen steane dêr posityf tsjinoer.
Opmerkings en bysûndere útkomsten
- Men docht suggestjes foar it opkrikken fan it imago fan de kriich. (4x)
- Der binne opmerkings bûten de kriich om. ( 3x)
- Der is in negative gedachte oangeande it karmasterjen. (2x)
- De datum 1 oktober is in beswier yn de organisaasje. (2x)
Haadstik 3
Oanrekommandaasjes
Sjoen de reaksjes fan de bestjoeren fan de ferskate selskippen by de telefoanyske petearen komt de kriich kommisje fan STAF ta in rige oanrekommandaasjes.
Dy passe by inkele haadtema ‘s. Dat binne:
Stypje
- STAF soe de oplieding fan de hjoeddeiske karmaster nochris bestudearje kinne om te efterheljen of dy oplieding foldocht oan de easken dy ‘t oan de hjoeddeiske karmasters steld wurde meie. De ynfolling fan de oplieding soe miskien in breder kader krije kinne. Dat jildt ek foar de aktiviteiten dy ‘t ûntwikkele wurde om de karmasters nei harren oplieding skerp te hâlden. Op sa ‘n wize soe de kunde en it nivo wêr ‘t karmasters op funksjonearje op in noch heger peil brocht wurde kinne.
- STAF soe der oer neitinke kinne om profesjonele begelieding fan karmasters te stimulearjen as hja oan it wurk binne as karmaster by de amateurtoanielselskippen.
- STAF soe der oer neitinke kinne om karmasters op te lieden en yn te dielen yn ferskate groepen mei harren eigen eksperts om ferskate mêden binnen it amateurtoaniel op in adekwate wize beoardielje te kinnen.
Gearwurking STAF - FRATS
- STAF soe der yn gearwurking mei FRATS foar soargje kinne dat de yntinsje fan it karmasterjen in standert ûnderdiel wurdt fan de oplieding ta regisseur yn it amateurtoaniel om sadwaande der foar te soargjen, dat de ûnderlinge ferhâlding tusken karmasters en regisseurs fan amateurtoanielselskippen op in profesjoneler nivo brocht wurdt.
- It opsetten fan kursussen dêr ‘t regisseurs en karmasters mei elkoar oparbeidzje soe der ta liede kinne dat de profesjonele ferhâlding tusken de beide doelgroepen ta syn rjocht komt.
Prosedueres / Evaluaasje
- Sjoen de reaksjes fan de ferskate selskippen oangeande de ûnderfinings mei de kriich yn it ferline kin men konkludearje dat it imago fan STAF opkrikt wurde moat middels foarljochting, ynformaasjefersjenning ensfh.
- It docht bliken dat troch STAF yn gearwurking mei de oansletten selskippen fêststelde prosedueres net altiten dúdlik binne. Dêr sil STAF yn de takomst omtinken oan jaan moatte.
- STAF soe der oer neitinke kinne om in mooglikheid te kreëarjen dat selskippen harren yn de rin fan it winterskoft noch opjaan kinne foar de kriich. Oan ien en oar sil dan wol in effisjint en wurkber reglemint ferbûn wurde moatte. Boppedat sil it tal beskikbere karmasters dan ek op in akseptabel nivo wêze moatte.
- STAF soe neitinke kinne oer in evaluaasjemomint foar de selskippen oangeande it ferrin fan in neipetear. Dit soe dan ek opnommen wurde kinne yn it protokol foar de karmasters.
- STAF soe der oer neitinke kinne om foarôfgeand of nei it standert neipetear nochris de mooglikheid te jaan oan selskippen om in petear te hawwen. Ek dit aspekt freget in foldwaande besetting fan it oantal beskikbere karmasters.