Standert fragelist

Undersyk dielname Toanielkriich STAF maart 2007

Dit stik is bedoeld foar alle minsken dy ‘t as enketeurs de harren tawiisde toanielselskippen belje. It is in standert fan it ferhaal en de fragen dy ‘t hja yn it telefoanpetear stelle. Op dizze wize wurdt elts selskip itselde ferhaal ferteld en deselde fragen stelt. De útkomst fan it ûndersyk wurdt dêrmei sa as men seit min of te mear falide.
Fansels is it net de bedoeling om it ferhaal gewoanwei op te lêzen, it moat brûkt wurde as de reade tried fan it petear.

Ynlieding

Goemoarn, middei, jûn, jo prate mei …………………
Ik bin lid fan de Kriichkommisje fan STAF (Stichting Amateurtoaniel Fryslân).
Praat ik mei ……….. fan toanielselskip …………………?
De kriichkommisje hâldt in lyts ûndersyk ûnder de oansletten selskippen fan STAF dy ‘t net mear meidogge oan de toanielkriich. Jo selskip docht al in skoftsje net mear mei oan de toanielkriich. Dat fine wy spitich !
Past it dat ik jo op dit stuit hjiroer in pear fragen stel?

Ferantwurding

Yn de statuten fan STAF dy ’t yn 2000 gearstald binne stiet it no folgjende omskreaun :

Kêst 2 :

1. De stichting hat as doel :

a. it befoarderjen fan it amateurtoaniel en de dramatyske foarming yn de provinsje Fryslân yn al har ferskiningsfoarmen : ûnder mear op it artistyk, estetysk, technysk en organisatoarysk mêd;

c. in bydrage te leverjen oan de ûntwikkeling fan de keunstsinnige foarming; yn it bysûnder yn groepsferbân ;

It krekt neamde besiket STAF te berikken troch organisaasje fan de jierlikse Toanielkriich

De Kriichkommisje fan STAF hat konstatearre dat it tal toanielselskippen dat meidocht oan de Toanielkriich de lêste jierren wat werom rint. STAF makket har dêr soargen oer. Middels dit telefoanysk ûndersyk besiket STAF in byld te krijen wêrom guon selskippen net mear meidogge. Yn dit ûndersyk hifkje we 20 selskippen dy ’t ôfheakke binne. Mei de útkomst fan dit ûndersyk wolle we besykje in better byld te krijen oangeande it ôfheakjen. De útkomsten fan it ûndersyk sille maaie 2007 bekend wêze.Ik ha in fragelist dy ‘t ik no graach mei jo trochnimme wol. It ûndersyk is yn prinsipe net anonym, mar as jo leaver hawwe dat wy jo namme net brûke dan moatte jo dat earlik sizze. Wy brûke jo gegevens dan net. Ek as der in fraach is wêr ‘t jo gjin antwurd op jaan wolle dan moatte jo dat gewoan earlik sizze, ik sil dan net fierder trochfreegje.

Hjir komme de fragen:

1.
Namme toanielselskip

2. Plak

3. Wat is jo taak by it selskip ?

4a. Wat is de reden dat jimme selskip net mear dielnimt oan de Toanielkriich?

4b. Hawwe jimme STAF destiids ynformearre oer it net mear meidwaan oan de Toanielkriich ?

5. Binne jimme fan doel om meikoarten wer diel te nimmen oan de Toanielkriich?

5a. Nee, wat is jimme argumint om net wer diel te nimmen oan de Toanielkriich ?

5b. Ja, wat is jimme argumint om wol wer diel te nimmen oan de Toanielkriich?

6. As jimme wer dielnimme ha jimme dan ek bepaalde ferwachtings oangeande de Toanielkriich fan STAF?

7. Soe it helpe as STAF yn in persoanlik petear mei jimme bestjoer ien en oar taljochtet en út de doeken docht?

7a. Ja, wat wolle jimme dan yn dit petear oan de oarder komme litte?

7b. Nee, wêrom net ?

8. Meie wy jimme meikoarten skilje foar in ôfspraak?

8a. Ja

8b.
Nee, wat is dêr de reden fan ?

9. Ha jimme noch tips foar STAF dy ‘t helpe kinne by dit ûndersyk ?

10. Opmerkings :

Dit wie de lêste fraach. Ik wol jo út namme fan it bestjoer fan STAF hertlik tank sizze foar jo ynset en de tiid dy ’t jo foar dit ûndersyk nommen ha.
Jo kinne yn de neisimmer fan 2007 in oersjoch fan dit ûndersyk temjitte sjen.

Ik winskje jo noch in noflike dei, middei, jûn ta.

Súkses winske mei al jimme aktiviteiten oangeande it amateurtoaniel !!!!

 

<<<