"Pater en non, wêr binne wy oan begūn ?"
Fersoarge troch toanielselskip Nij Begjin út Nijegea.
Koarte ynhâld:
Wat him binnen in kleaster ôfspilet hat ornaris wat heimsinnichs en bliuwt meastal efter de mourren. Yn dit kleaster litte wy sjen dat dizze fromme leauwigen neat minsliks fremd is. De priorin regeart as in diktator oer de nonnen, en dat wurdt de lêste jierren al mar slimmer. Der moat hieltyd mar mear jild op it aljemint komme, en der moat fan moarns ier oant jûns let wurke wurde. Gjin wûnder dat de nonnen opstannich wurde, en dat is sels ta staken komt.
De posysje fan Moeder Overste wurdt noch mear oantaast as der noch broeders by ynkomme.Beide partijen sykje steun fan hegerhân, mar wa hat de hjitste izers yn it fjoer en lûkt oan it langste ein?
