Amateurtoaniel Fryslân

Ferdivedaasje as keunst ?

Is amateurtoaniel ferdivedaasje of is it in foarm fan keunst. It hjiroer te hawwen is tige nijsgjirrich mar soks is fansels min oan te jaan omdat elk dêr sa syn eigen ynterpretaasje by hat. Van Dale seit oer keunst it folgjende: “it is it fermogen om dat wat der yn’e geast libbet ta foarstelling te bringen op in wize dy’t jo yn it moed taast”.
No om dat ultime gefoel te berikken, dêr giet it om fansels.



Mar hoe dogge wy dat en hoe hâlde wy dat yn’e stokken.
Der bestiet yn Fryslân in lange tradysje op dit mêd mar de wrâld feroaret en dêr moat ek it amateurtoaniel yn mei. Der binne yn ús provinsje noch altyd sa’n lytste twahûndert ferienings aktyf dwaande mei toaniel.
In grut part derfan is lid fan STAF en der werfan docht sa’n twatredde mei oan’e toanielkriich.
It motyf fan de measte ferienings is om in noflike jûn te fersoargjen foar it doarp. Mar der is ek in part fan de minsken dy’t in oar doel hat en mear artistike ambysjes neistribbet en keunst meitsje wol, wat dat dan ek mar is.
Dy ferskowing sjogge jo ek by it publyk en hoe kinne wy no dy beide streamen syn gerak jaan.
Dat is de fraach dy’t ús as STAF dwaande hâldt. Fernijing liket ús needzaaklik mar dat mei net ten koste gean fan de oandacht oan de basis dy’t it amateurtoaniel yn ús provinsje sa unyk makket.
Dy basis is in toanielferiening yn doarp en stêd ferspraad oer de hiele provinsje wêrd ferdivedaasje en keunst hân yn hân gean kinne.
Fanút dy basis ûntsteane altyd wer nije inisjativen en sjogge jo dat de iepenloftspullen op dit stuit bot yn’e belangstelling steane. Lyk as festivals, teaterproduksjes op lokaasje, jeugdteater, it opkommen fan lytse toanielgroepkes en sa lit Tryater it ek op ferskate plakken yn Fryslân brûse.
Fan de bûtenkant liket it miskien sa maklik mar troch de individualisering fan de maatskippij falt it net ta om bining te hâlden en ôf te stimmen op de fraach. Dochs is toaniel by útstek it plak wêrd regelmjittich fan rol wiksele wurdt en slagget it faaks dêrtroch wol om altyd wer de júste oanslúting te finen. Mar bliuw noed stean foar de basis, dêr begjint alles.
Dat freget lykwols in protte ynset en kreativiteit fan jim as spilers en bestjoerders. Derby ha wy de help nedich fan proffesjonals en soks kostet jild. Ik bin derby fan miening dat it amateurtoaniel dêr sels wol wat mear foar oer ha mei. As jo dat ferlykje mei de sport dan kinne wy dêr noch wol in skepke boppe op dwaan. Lokkich krije wy derby stipe fan de provinsje en dêr binne we tankber foar mar dat wurdt minder.
It giet der lykwols om hoe’t jo dy help oanbiede en derby moatte wy konstatearje dat de provinsje en Keunstwurk hjrmei in oare



koers ynstekke.
De provinsje sjocht yn Keunstwurk folle mear in kennissintrum en stjoert der op oan om it wurk oan’e basis yn it fjild, wat no troch de minsken fan de Fryske AmateurTeaterSkoalle (FRATS) fan Keunstwurk dien wurdt, dwaan te litten troch de “Sintra fan de Keunsten”.
Dat fynt STAF in ferkearde ûntjouwing omdat, mei alle respekt, dizze organisaasje hjir net op tared is.
De sa súksesfolle formule fan de Fryske AmateurTeaterSkoalle komt hjirmei folle mear op ôfstân fan it fjild te stean.
De provinsje beknibbelt op strukturele provinsjale foarsjennings en wol mear ynsette op bysûndere projekten yn de gruttere plakken.
It is spitich dat hjirmei foarby gien wurdt oan it grutte belang fan strukturele stipe oan de basis yn it fjild.
Dy stipe draacht foar in wichtich part by om in stevich fûnamint te hâlden yn de kultuer fan it amateurtoaniel yn Fryslân. Hjirby moat ek it belang fan stipe en behâld fan de Fryske taal net ûnderskatten wurde.
Fernijing is wichtich mar moat oan’e basis oppakt wurde want dat smyt it measte rindemint op. Behâld fan strukturele ûndersteuning oan it amateurtoaniel yn it fjild. Deroer wolle wy graach mei de provinsje en Keunstwurk yn petear komme.

Mar werom nei de slútjûn.
Troch guon minsken wurdt der faak sein dat it dizze jûn gean moat om ferdivedaasje mei keunst op it twadde plak. Sa is it elk jier foar STAF wer spannend wat him oantsjinnet en foar it publyk in ferrassing wat der spile wurdt.
Mar it docht elk jier wer bliken dat wy hjir wol wat meielkoar kinne. En dat allinne al is de moaite wurdich om nei út te sjen. Dat docht ek it selskip Teater Snits, want it is fansels in foarrjocht om op de slútjûnen yn’e Lawei te spyljen.
En wat my derby op foarhân al yn it moed taast is dat it stik fan dizze jûn, Cloaca , oerset is troch Tryntsje van der Zee. Koartlyn ferstoarn mar hjirmei wer tichte by ús op’e slútjûn.
Fansels is soks poer tafal mar it past wol krekt. Ik ha der alle betrouwen yn dat jim dat ek fine fan dizze foarstelling.
Ferdivedaasje as keunst, ik winskje jim in noflike slútjûn ta.

Henk de Glee
Foarsitter STAF

<<<

De Staf-Slútjûnen 2013 sille wêze op:

freed 24 en sneon 25 maaie, yn de lytse seal fan de Lawei - Drachten !

Set mar fêst yn jo bûsboekje.
De Slútjûn fan 2013 sil wêze op:

freed 24 en sneon 25 maaie, yn de lytse seal fan de Lawei - Drachten !

Set mar fêst yn jo bûsboekje.