"De God fan de hel"
Fersoarge troch toanielselskip Stynsgea - Jounswille
Jounswille, Stynsgea spilet
"De God fan de hel"
Fan: Sam Shepard
Fryske oersetting fan Lolkje Hoekstra
Rezjy: Gerrit Heringa
Coach: Herman Bolten
Spilers:
Frank: Frederik Dillema
Emma: Martje van der Merk
Haynes: Eerde de Bruin
Welch: Kees van der Werff
It stik
Frank en Emma binne Amerikaanske feehalders yn it midden fan de steat Wisconsin.
Simmers is it der gleon hjit, winterdeis strûpende kald. Der bart nea wat. Eins is der yn jierren neat bard.
Mar dan is der samar in mysterieuze man yn harren kelder, dy't seit dat hy in aid freon fan Frank is.
Der is mear mei him oan de han dan dat er tajaan wol. Wêrom ferskûlet er him dan? Wat hat er te ferbergjen?
En dan op in moarn stiet der in man fan de steat by harren oer de flier, dy't Emma koekjes jaan wol.
Wat wol er? Wat stiket efter dizze man? En wêrom freget er hoefolIe keamers it hûs hat?
Sil it ea noch it selde wêze foar Frank en Emma?
Toanielselskip Jounswille hie mei dit stik in premiêre, it wie sels noch nea yn Nederlan spile.
Lolkje Hoekstra hat it foar us oerset fan it Ingelsk nei it Nederlansk.
Mei syn allen hawwe wy mei in soad entûsjasme, wille en ynset oan de slach west mei dit stik en wy binne grutsk op it resultaat.

