"FOKSEJACHT"
Fersoarge troch toanielselskip Grou - Kritetoaniel
Kritetoaniel Grou spilet
"FOKSEJACHT"
Fan: Ben Johnson
Bewurking: Hugo Claus
Fryske oersetting: Jikke de Haan
Rezjy: Froukje Tuinstra
De Foksejacht, fan Krite Grou
Le roi est mort, vive le roi!
Juster hat hiel de wrâld ôfskie nommen fan Hugo Claus. Dizze winter wie it in bytsje ús Hugo wurden, want hy wie de opmaat nei ús Foksejacht. Hoe dat sa?
Yn 1999 fûn ik yn Bredevoort it stik: de Vossenjacht fan Hugo Claus. It wie syn bewurking fan Ben Jonson’s Volpone. Ik wie wei fan it ferhaal èn de taal. It ferhaal fertsjinwurdigt beide mannen, mar de taal is sà Claus: grouwélich en poëtysk tagelyk. Wat kin dy man de taal sjonge litte! En Jikke de Haan hat de taal noch mear nei ús ta brocht, wat in moai Frysk!
Wa wie Ben Jonson? Hy libbe fan 1572 oant 1637 yn Ingelân, wie dus in tiidgenoat fan W.Shakespeare. Shakespeare hat sels yn ien fan syn stikken spile. Om net ien foar de kop te stjitten lieten beide skriuwers harren stikken ôfspylje yn Itaalje.
It stik Volpone is de skiednis yngien as ien fan de knapste komeedzjes ea. De âlde, rike Volpone út Venetië docht him foar as is hy deasiik om sa yn de geunst te kommen by syn erfenisjagers: Voltore (advokaat), Corvino (handler yn hûden) en Corbaccio (woekerder). Syn feint Mosca helpt him dêrby. Troch tadwaan fan har beiden hat Voltore in geniaal testamint opsteld, mar de namme moat noch ynfold wurde…..
It stik Volpone is earnstiger as De Vrek fan Molière, mar is ek riker. De komyske situaasjes litte it publuk sjen hoe belachelik en tragysk minsken binne en wurde dy’t allinne dreaun wurde troch de begearte nei jild.
We litte it stik dêrom ek beginne mei de fertelster, dy’t seit: it is it jier 1608, of is it 1708, 1808, 1908 of sels 2008! It is in stik fan alle tiden: it grutte graaien is noch hieltiten net ôfrûn….
Claus hold fan Volpone, in hearlike foks, in Grykse god op bokkepoaten, krekt as hysels. Tûker as de oaren, mar net sa skuldich as Mosca. Rûch yn de mûle en gedrach, mar leaf tsjin syn leafste (dochter Nana).
Yn Grou ha wy it stik op twa toanielen spile mei in grut midden paad. It publyk siet oan wjerskanten fan dat paad (deun op de foarstelling), mei oare wurden: jimme binne krekt sa skuldich, ek jim sitte tefolle achter it jild oan. Fansels koe dizze opstelling net yn de Lawei.
Spitich? Ja, eins wol, mar om’t wy de útdaging net wjerstean koene en kinne, ha wy de saken oanpast. We binne drok oan it repetearjen en komme ta de ûntdekking dat de grutte bewegings no mear yndikt en sterker binne. Boppedat binne we der wis fan dat de klean en de grime better ta harren rjocht komme. Grou hat de jacht iepene, we komme mei sawat 30 man/frou ( dy’t net allegearre op de planken stean), no jim noch……. Tige wolkom!
Froukje Tuinstra-Reitsema, Lippenhuzen, 30 maart 2008

