(Bylage by it Kriichreglemint fan de STAF)
| Dit reglemint tsjinnet foar it yn behanneling nimmen fan klachten oer de Kriich, oangeande sawol ynhâldlike as organisatoaryske aspekten. |
| a. |
Brieven, dêr't karmasters mei namme yn neamd wurde, geane foar kommentaar nei dy karmasters ta en mei gebrûk fan dat kommentaar wurde sokke brieven troch de Kriichkommisje beäntwurde, net rjochtstreeks troch de karmasters. Eventuele klachten fan de kant fan de karmasters geane foar kommentaar nei it oanbelangjende selskip en ek hjir beäntwurdet de Kriichkommisje de klacht, mei gebrûkmeitsjen fan it kommentaar. |
| b. | Oare ynkommen brieven kin de Kriichkommisje sels mei rêde. |
| c. | Klachten fan spilers en selskippen oer ynhâld en ferrin fan de kriich kinne allinne mar yntsjinne wurde út namme fan it oangeande selskipbestjoer. De termyn fan yntsjinjen slút uterlik fjouwer wike nei de lêste STAF-slútjûn. Klachten moatte skriftlik yntsjinne wurde en rjochte wurde oan de STAF Kriich koördinator. |
| d. | De Kriichkommisje oardielet as earste oer aard en doel fan in ynkommen brief en skift dy stikken derút, dy't yn oanmerking komme foar proseduere op grûn fan wat der ûnder punt a formulearre is. |
| e. | De Kriichkommisje rapportearret oer tal en aard fan de ynkommen klachten oan it STAF-bestjoer. It STAF-bestjoer ynformearret de karmasters. |
| f. | It STAF-bestjoer is ferantwurdlik foar it yn behanneling nimmen fan in berop, dat troch ien fan de partijen tsjin in nommen beslissing oantekene wurde soe. |
Bywurke en fêststeld: 1 oktober 2011
It STAF-bestjoer
<<<