Reglemint foar de jierlikse Toanielkriich fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF)


Kêst 1 De Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) hâldt sa mooglik jierliks in kriich foar de oansletten selskippen. Elk selskip kin oan dizze kriich meidwaan mei ien of mear stikken. De foarstelling moat foldwaan oan de folgjende kritearia: der moat spile wurde yn de Fryske taal, de foarstelling moat jûnfoljend wêze of oars op syn minst oardel oere oan spyltiid freegje. By twivel kin de STAF skriftlik advys freegje oan in ûnpartidige saakkundige, waans advys dan binend is.
De kosten foar it meidwaan oan de kriich wurde fêststeld troch it bestjoer fan de STAF. It opjefteformulier foar it meidwaan oan de kriich is tagelyk in machtiging-foar-ien-kear..
Kêst 2 It stiet de selskippen frij om al of net oan de kriich mei te dwaan.
In selskip dat meidwaan wol, moat dit, as it heal kin, foar 1 oktober fia it opjefteformulier op www.staf-fryslan.nl opjaan by de STAF. Slagget dit om hokfoar reden net foar 1 oktober, dan kin der yn oerlis útstel ferliend wurde .
Twa tekstboekjes fan it te spyljen stik moatte op syn minst fiif wiken foar de opfieringsdatum oan de STAF tastjoerd wurde.
Kêst 3 Foar it beoardieljen fan elke produksje dy’t in selskip dêrta yntiids opjûn hat, furdiget it bestjoer fan de STAF op syn minst twa karmasters ôf en befêstiget dat oan it selskip.
Foar de ûntfangst fan de karmasters by de selskippen binne regels steld, dy’t fêstlein binne yn it protokol foar de selskippen, sadat it beoardieljen goed ferrinne kin.
Kêst 4 De selskippen dy’t oan de kriich meidogge, wurde yn klassen yndield. Dit binne: de Eare-klasse, de By Utstek-klasse, de Earste klasse, de Twadde klasse en de Tredde klasse.
Yn hokker klasse in selskip útkomme sil, wurdt útmakke oan ‘e hân fan it gemiddelde fan de punten, dy’t troch dat selskip yn de foargeande trije jierren yn de Toanielkriich behelle binne.
Kêst 5 A. - In selskip dat foar it earst oan de kriich meidocht of de foargeande trije jierren net meidien hat, begjint yn de Tredde klasse. De klasse-yndieling fan in selskip dat yn de foargeande trije jierren twa kear, resp. ien kear net oan de kriich meidien hat, wurdt bepaald troch 20 punten yn mindering te bringen op de punten fan ien jier doe’t wol meidien waard, resp. 10 punten yn mindering te bringen op it gemiddelde fan de beide jierren doe’t meidien waard.
  B. - In selskip kin foar 1 oktober skriftlik ûntheffing fan meidwaan oan de kriich freegje by it bestjoer fan de STAF. As dy ûntheffing ferliend wurdt, wurde foar dat jier de 10 punten net yn mindering brocht. De ûntheffing kin ferliend wurde op grûn fan:
a. In opdracht, byg. it spyljen op de slútjûn(en)
b. In bysûndere omstannichheid, te beoardieljen troch de Kriichkommisje
Yn gefal fan in bysûndere omstannichheid, (bygl. sykte, stjergefal) kin ek tidens it winterskoft noch skriftlik ûntheffing oanfrege wurde
  C. - As oan in selskip ûntheffing ferliend wurdt lykas bedoeld ûnder B, kin it net sa wêze, dat it selskip mei de oan dan ta al behelle punten promovearret of degradearret. Soe ûntheffing wol promoasje/degradaasje ta gefolch ha, dan wurde de punten werom brocht nei it heechste/leechste puntetal fan de klasse dêr’t it selskip yn spilet, sadat promoasje/degradaasje yndied net mooglik is.
Kêst 6 De ûnderdielen fan in opfiering dy't de karmasters beoardielje moatte, wurde troch it bestjoer fan de STAF fêststeld en yn in beoardielingslist fêstlein.
Kêst 7 De selskippen dy’t yn harren klasse as heechste en as ien nei heechste einigje komme yn’e beneaming foar in earste resp. twadde priis yn harren klasse. De foarm en de aard fan dizze prizen wurde fêststeld troch it bestjoer fan de STAF.
Kêst 8 De troch de karmasters takende punten wurde op hiele punten ôfrûne. Einigje mear as ien selskip mei itselde tal punten, dan wurdt nei de desimalen sjoen om te bepalen hokker selskip it heechste is.
Kêst 9 Uterlik de tredde opfiering fan in stik moat foar de kriich skôge wurde.
Kêst 10 A - De karmasters wurde troch it bestjoer fan de STAF beneamd, neidat sy mei goed resultaat in karmasterskursus folge ha. In beoardielingskommisje bestiet op út twa karmasters.
Fan jier op jier sil der troch de Kriichkommisje nei stribbe wurde om oer de ferskillende klassen fan karmasters te wikseljen, sadat net alle jierren deselde karmasters by deselde selskippen komme.
Boppedat stribbet de Kriichkommisje der nei, om sa min mooglik mei fêste twatallen te wurkjen.
  B - Foar in opfiering mei yn gjin gefal in karmaster oanwiisd wurde dy’t it te beoardieljen stik sels skreaun of bewurke hat, of dy’t op in oare wize, hoe dan ek, persoanlik by de produksje belutsen is/west hat.
Kêst 11 De STAF dielt oan de selskippen mei op hoefolle karmasters rekkene wurde moat en hokker akkommodaasje dy karmasters nedich hawwe. It lêste stiet beskreaun yn it protokol foar de selskippen .
Kêst 12 A. - De karmasters bringe ferslach út fan elke opfiering dy’t hja beoardiele hawwe. It neipetear fynt yn oerlis mei de karmasters yn prinsipe binnen in wike nei de foarstelling plak.
  B. - In selskip mei opnamen, dy’t eventueel fan de beoardiele opfiering makke binne, yn gjin gefal behelje (litte) yn de beoardieling troch de karmasters.
Kêst 13 It bestjoer fan de STAF beneamt de foarsitter en de leden fan de Kriichkommisje. De kriich fan in jier einiget altyd mei it bekendmeitsjen fan de útslaggen yn de ferskate klassen. Dit wurdt dien op de STAF-slútjûnen yn de moanne april.Yn de moanne septimber nimt de STAF it inisjatyf ta it organisearjen fan de kriich yn it dêrop folgjende jier.
Kêst 14 Sa gau mooglik nei de lêste slútjûn wurde oan elk selskip de behelle punten mei de eventueel takende priis en de klasse-yndieling foar it dêrnei kommende winterskoft troch it bestjoer fan de STAF bekend makke.
Kêst 15 Foar alle gefallen, dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht, beslút it bestjoer fan de STAF.
Kêst 16 Mei yngong fan it winterdkoft 2011-2012 wurdt der by eltse foarstelling oan de belutsen karmasters en it selskip in evaluaasje formulier tastjoerd. Dit kin troch de karmaster of troch it selskip ynfold wurde as der mooglik oanlieding foar is. Dit formulier wurdt úterlik seis wikenn ei de foarstelling opstjoerd en de STAF Kriich-koördinator.
 

Dit reglemint hat as bylage it Klachtereglemint , en makket yn syn gehiel diel út fan it Karbrief fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) en is goedkard en fêststeld yn it bestjoer fan dizze Stichting.

Ljouwert, 1 oktober 2011

<<<