Betingsten foar de selskippen dy't gading meitsje wolle nei fersoarging Slútjûnen

1. It te spyljen stik moat in Frysktalige premiêre wêze, dy't yn it selde winterskoft spile wurdt as dêr't de Slútjûnen yn falle. Oersettings falle hjir ek ûnder. In Frysk stik dat net nij is mar danich op 'e nij bewurke is, of oars ynterpretearre wurdt, kin beskôge wurde as in Fryske premiêre.
2. De foarstelling moat passe yn it karakter fan de Slútjûnen.
3. De foarstelling moat kwaliteit hawwe.
4. De foarstelling moat geskikt wêze (of makke wurde) foar presintaasje yn de Lawei.
5. De foarstelling moat troch de Wurkgroep Seleksje fóár 1 maart skôge wurde kinne.
6. Selskippen, dy't meidogge yn de seleksjeproseduere foar it slútjûnstik, wurdt mei klam frege, dit stik yn itselde winterskoft net op alderhande oare plakken op te fieren. De stelrigel hjirby is: it slútjûnstik dat yn de Lawei spile wurde sil, moat in sa grut mooglike ferrassing bliuwe.
7. De opjefte kin ôfwiisd wurde as bliken docht dat mear selskippen yn it oanbelangjende winterskoft it selde stik spylje.
8. De opjefte kin ôfwiisd wurde as it selskip net oan de foarleine betingsten foldocht/foldwaan kin.



<<<