Basis oplieding ta karmaster STAF 2011-2012 >>>
Stik yn it Friesch Dagblad 14 maart 2009 >>>
"Wy sykje der net om, wy sjogge it" >>>

Achte toanielleafhawwers,

Basis oplieding ta karmaster


By de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) binne 145 toanielselskippen oansletten. It grutste part fan dy selskippen spilet elk winterskoft ien of twa toanielstikken, ienakters en oare toanieluteringen.
En al mear as 90 jier is it wenst dat Karmasters op paad geane om dy stikken te skôgjen en yn in ûnderlinge kriich elk jier de bêste foarstellingen in priis te jaan.

Sa’n lange tradysje moat, fine wy as bestjoer fan STAF, net ferlern gean.
Mar mei ’t nivo fan de foarstellingen elk jier better wurdt en der hieltyd mear regisseurs komme dy’t in gedegen oplieding hân ha, wurde der oan de karmasters ek hieltyd hegere easken steld.
Boppedat binne der elk jier ek karmasters dy’t gjin tiid mear fine kinne om in tal wykeinen op paad te gean nei al dy doarpen wit wêr yn de provinsje.
Dêr moatte we ferfangers foar fine.

Basis oplieding ta karmaster

De oplieding bestiet út in tal modulen dy’t stik foar stik fersoarge wurde troch tige betûfte spesjalisten op har eigen gebiet.
Dosinten binne ûnder oaren:

- Gudrun Beckmann (NHL Ljouwert)
- Froukje van Houten (NHL-Ljouwert)
- Bouke Oldenhof
- Froukje Reitsema
- Hans Brans (Frats)
- Remco Smits (Tryater)
- Koos de Vries (Tryater)
- en in soad oare spesjalisten

Dielnimmers wurde coacht en beoardiele en kinne oan de ein fan de oplieding mei in behelle sertifikaat op stap as selsstannich karmaster.

Op tongersdei 15 maart sil oan in nije lichting karmasters harren sertifikaat útrikt wurde.

De STAF wurkgroep Oplieding ta Karmaster,

Akke Miedema, Siebren Mook, Jelle Terwal en Anneke de Vries

Basis oplieding ta karmaster STAF 2011-2012 >>>
Stik yn it Friesch Dagblad 14 maart 2009 >>>
"Wy sykje der net om, wy sjogge it" >>>

<<<