|
Hoe hat men de tekst opfette en ynterpretearre, of hat men der oars tsjin oan sjoen. Wie de opfetting yn oerienstimming mei de keazen ynterpretaasje, sadat de tsjinstelling tusken de personaazjes út kamen en de konflikten har gerak krigen? Wie der sprake fan in logyske ferhâlding tusken de keazen roltypearringen? Waarden dizze konsekwint útwurke en wie der in ienheid fan spylstyl? |
|
Waard it dramatysk ferrin fan it stik ûnderstreke troch in goede kar fan tempo yn de sênes, sadat soks kloppe mei it ferrin fan it stik? Krigen spanning en ûntspanning foldwaande omtinken, sadat der in boeiend ritme ûntstie? |
|
Wie de wize fan plak kiezen en bewegen yn de spylromte trochtocht, sadat de spilers sichtber wiene, en de ûnderlinge ferhaldingen tusken persoanen fersterke. Wie der genôch fariaasje yn dit brûken? Waard de hiele romte brûkt? |
Wie de spylromte sadanich ynrjochte, dat men mei it spyljen út 'e fuotten koe? (Ek opkommen en ôfgean achtslaan) Strookte de ynrjochting mei de aard fan it stik? Fersterke de ynrjochting ek de winsklike spanningen yn it stik? Wie dit ek it gefal mei de útfiering fan dekor, meubels, klean, grime en kapwurk? Wie yn dit alles sprake fan in bepaalde ienheid fan styl? Hoe siet dat mei lûden, muzyk, beljochting en ljochteffekten. |
|
Slút it stik oan by it nivo fan de ynsette spilers en de technyske mooglikheden dy't men hat? It stik kin útsûnderlike kwaliteiten hawwe út in eachpunt fan de opbou fan it dramatysk ferrin, fan de aktuele probleemstelling of fan de taalkundige kwaliteit. Wie it besykjen om dit soarte fan stik te spyljen yn it bysûnder te wurdearjen (ek al wie it wat heech rikt)? |
|
Yn hoefier is der sprake fan goede gearwurking troch de spilers (besiket men as ploech mei-elkoar op te arbeidzjen of spylje guon op har sels)? Slagje regy en spilers der yn it publyk te binen mei it spyljen, sadat der meilibbe wurdt mei it ferrin fan it stik? |
|
Jouwe de spilers bliken, dat har dwaan en sizzen fuort komt út itjinge wat hja yn it ramt fan it stik oerkomt en wat de rol omskriuwing harren opleit? Is der mear of mindere sprake fan in opteine spylynset op it krekte stuit, sadat it de totale yndruk stipet? |
Hoe brûke de spilers har lichem en stim om de reaksjes te úterjen? Binne de spilers konsekwint yn it brûken fan de taal en brûke hja dy op krekte wize, passend yn it gehiel? |