It Boun fan Fryske Toanielselskippen (BFT),
is 1 jannewaris 2001 opgien yn de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF).
Yn 1918 wiene der 10 oansletten ferienings en dat is oant no ta útgroeid nei 142 ferienings.
Salang't dizze koepelorganisaasje bestien hat hat der ek in toanielkriich west.
De toanielkriich hat al dy jierren in sintraal plak ynnommen yn ús organisaasje. Fansels diene net alle oansletten ferienings al dy jierren mei oan 'e toanielkriich. It tal dielnimmende seiskippen skommele jierliks wat op en del mar wy konstatearje no dat dielname yn 'e rin fan de njoggentiger jierren stadichoan werom rint.
Wat dêrby opfalt is dat it tal oansletten selskippen by STAF aardich groeit, wylst it wat dielname oan 'e kriich oanbelanget krekt oarsom is.
In nijsgjirrige ûntjouwing dy't omtinken freget.
No is it net sa dat foar STAF dielname oan 'e kriich in doel op himsels is, mar it is wol in middel om in bydrage te leverjen oan de ûntjouwing fan keunstsinnige foarming yn ús provinsje.
Wichtich genôch om ûndersyk te dwaan nei de reden fan it werom rinnen fan dielname oan 'e kriich.
Sa'n ûndersyk is koartlyn bard en der binne oanrekommandaasjes út kaam dy't brûkt wurde sille om seiskippen oan te trunen wer mei te dwaan oan 'e kriich.
Nimmen sil der fan opsjen dat it hjirby ek giet oer it karmasterjen en de neipetearen. De reade tried fan it krewearjen yn 90 jier toanielkriich.
It sil grif alles te krijen ha mei it feit dat it minskewurk is yn in spanningsfjild fan
mienings en emoasjes.
Dat makket de kriich unyk en dat moatte wy koesterje.
Ek yn 'e oanrin nei 100 jier toanielkrich sil dit ús grif wer dwaande hâlde en dat is goed want toaniel is fan ús allegear en sa hâlde we elkoar skerp.
Wy sille de karmasters sa profesjoneel mooglik tariede op har taak en freegje de seiskippen dit te stypjen troch mei te dwaan oan 'e kriich.
In moaie utdaging foar de kommende jierren liket my.
Henk de Glee, foarsitter
STAF hâldt alle jierren in toanielkriich, dêr't alle by STAF oansletten selskippen frijbliuwend oan meidwaan kinne.
Fierdere ynformaasje hjiroer stiet yn it Reglemint Toanielkriich .