( 2011) - It doek falt foar it "Vlecketoneel"


JOURE - De toanielferiening "Vlecketoneel" is opholden te bestean.
Yn de opheffingsgearkomst is hjir mei in frij grutte mearderheid ta besletten, al fûn eins elkenien dat it in spitige saak wie.
Goed sechtich jier hie de feriening bestien en der wie mei in soad nocht hast elk jier spile.
De tiden feroarje en dat wie hjir ek te merken. De measte leden binne tusken de tritich en de fyftich en hawwe in húshâlding dêr 't beide âlders in baan ha.
En yn in lytse feriening as it "Vlecketoneel" waard net allinnich spile, mar moast ek mei-in-oar it dekôr, de grime, de organisaasje en sawat mear dien wurde.
Dat frege safolle fan ferskate leden, dat se it net mear opbringe koene en dat hie ek ynfloed op de ynset fan de oaren.


Sadwaande wiene der te min minsken dy't har beskikber stelden foar it bestjoer, mar ek net genôch spilers.
Boppedat kaam der de lêste jierren ek minder publyk.
En om no ien of twa jier net aktyf te wêzen en dan wer, faaks mei nije moed, fierder te fean, dêr seach men ek gjin heil yn.
De gearkomst hat ek in sbslút nommen oer de besittingen: fan it kasjild giet in grut part nei it oerk^peljend orgaan fan de toanielferieningen yn Skarsterlân.
De d'korstikken kinne brûkt of oernommen wurde troch oare toanielferieningen. Dêr hat Paul Isselmuiden it behear oer. Op dizze wize hopet it Flecketoaniel dat har eigendommen noch betsjutting ha foar it toaniel yn Skarsterlân.