Selskippen dy't by STAF oanslúten binne en in jubileum fierd ha binne besocht troch in fertsjintwurdiger fan it STAF-bestjoer:

 

Underskiedingsregeling:

Selskippen:

As in selskip dat oansletten is by de STAF in útnoeging nei de Stichting Amateurtoaniel Fryslân stjoert, komt in fertsjintwurdiging fan de STAF by de kroanjieren 25 - 50 - 75 - 100 - 125 jier ensfh.

It selskip kriget in oarkonde/lokwinsk en in jildbedrach.

Persoanen:

Immen dy't 25 of 40 jier, mooglik 50 jier aktyf west is foar in selskip dat oansletten is by de STAF kin yn oanmerking komme foar in sulveren of gouden spjelde.

Om yn oanmerking te kommen moat in oanfraach dien wurde troch it selskip wêr't de jubilaris no aktyf is.

De beliedsline fan STAF wie dat allinnich de tiid jilde dy't troch brocht wie by ien selskip.
Yn de bestjoergearkomste fan oktober 2009 hat it bestjoer fan STAF lykwols besletten dat foar in jubileum-tiidsrek de jierren troch brocht by oare selskippen by teld wurde meie.
By it oanfreegjend selskip, dat is it selskip wêr't de jubilaris no aktyf is, leit de ferplichting om goed nei te gean of de tiidsrekken klopje.

In jubilaris dy't mei 40 jier neat krigen hat, kin by in 50- jierich jubileum dochs noch in gouden STAF-spjelde takend krije.
Is der wol in gouden spjelde útrikt, dan kin in fertsjinwurdiger fan it STAF-bestjoer komme mei in aardige attinsje.

Proseduere:

Jubilea en ûnderskiedings (selskippen/Persoanen) moatte teminsten acht wike fan te foaren skriftlik yntsjinne/oanfrege wurde by it STAF-bestjoer.
It STAF-bestjoer kent de ûnderskiedings ta en de ûnderskiedings wurde troch in fertsjinwurdiger fan it STAF-besjoer útrikt.
De jubilea fan selskippen/persoanen wurde yn it jierferslach fan de STAF opnommen.
It selskip moat yn eigen regio foar de publisiteit soargje.

<<<