Sneon 14 novimber 2009, 20.30 oere
Dielshûs Wommels
- Griene Sjippe
- Klaasje Postma
- Ernst Langhout en Johan Keus
HARKJEMAR WINNER STAF-TOANIELPRIIS
Toanielselskip “Harkjemar” fan De Harkema is winner wurden fan de STAF-TOANIELPRIIS 2009.
Dizze trijejierlikse priis is troch de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) yn it libben roppen en ornearre foar by de stifting oansletten selskippen dy’t sjen litten hawwe dat sy fan mear as gewoane betsjutting binne foar it toaniel yn al syn foarmen.
Mei troch har krewearjen libbet it toaniel yn it plak of de krite dêr’t sy woartele binne as in hert.
Oan de kriich diene mear as 30 selskippen mei.
It selskip “Harkjemar” foldocht as bêste oan de easken neffens de sjuery, dy’t bestiet út
- Baukje Stavinga
- Ytsje Hettinga
- Hilbert Dijkstra.
“Harkjemar”, sa seit de sjuery,
“hat by steat west om in dúdlik plak yn te nimmen yn de mienskip en hat de jongerein entûsjast makke foar toaniel.
Elk jier komme der mear by. Boppedat binne ûndernimmers en middenstân ek sa ferbûn mei it toaniel dat se it selskip belangeleas materiaal ter beskikking stelle.
De jongerein rêdt himsels, hat sponsers en stipers ree fûn om de kosten te dragen.
As ôfsluting nei de útfieringen wurdt der mei de hiele ploech noch wat aardichs ûndernommen.
Der is in goede gearwurking tusken de jongerein en de ploech folwoeksenen.
Opmerklik is ek dat beide ploegen fan elkoar leare en elkoar noch entûsjaster meitsje.
Sy sizze:‘ Wy binne der grutsk op dat wy sa’n moaie en bloeiende feriening ha, wêrby foar alle leeftiden de doar iepen stiet om dat stikje Fryske kultuer mei te krijen’ .”
De twa “nei-oan-winners” wiene “Foar de Wyn” fan Folsgeare en “Op Nij Feriene” fan Bantegea.
De sjuery seit oer Folsgeare:
It hiele doarp is sawat stiper fan de feriening. Om dy reden is de yntreepriis leech en bliuwt it foar elts tagonklik.
Ek spylje se alle jierren belangeleas foar minsken mei in beheining.
Nettsjinsteande it feit dat der net in protte jongerein is yn it lytse doarp binne se hjir dochs kreatyf mei oan’ e slach gien om de jongerein der by te belûken troch harren ek te presintearjen op de basisskoalle om û.o. in krystferhaal op lokaasje te organisearjen.”
De sjuery seit oer Bantegea:
‘Op Nij Feriene’ is in folslein nije wei yn slein, nei’t it hast op ‘e rêch lei.
Se hawwe by steat west om mei in nij bestjoer it roer om te goaien, it publyk wer entûsjast te meitsjen, fakminsken der by te heljen en jongerein op de planken te krijen.
Dit belied is goed oanslein. Der komme no in dûbel tal besikers en Bantegea stiet wer op de kaart.
It is bysûnder dat in lyts doarp no ‘ grut’ toaniel sjen litte kin.
De winner fan de STAF-toanielpriis ûntfong út hannen fan STAF-foarsitter Henk de Glee
net allinnich de sierlike trofee, mar ek in cheque fan € 1.000,-.
Foar de beide nei-oan-winners wiene der cheques fan € 250,-.
De priis sil ien kear yn de trije jier útrikt wurde.

