STAF kent yn 2012 wer in priis ta foar selskippen, dy't yn de mienskip in útsûnderlik plak ynnimme.
De Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) hat yn 2009 in priis – de STAF *TOANIELPRIIS - yn it libben roppen, ornearre foar by de stichting oansletten selskippen dy’t sjen litten ha dat sy fan mear as gewoane betsjutting binne foar it toaniel yn al syn foarmen, en wol yn dy mjitte, dat mei troch har krewearjen it toaniel yn it plak of de krite wêr’t sy woartele binne, libbet as in hert.
De priis en de oanmoedigingspriizen wurde ienris yn de 3 jier takend.
Takenning fynt plak troch it bestjoer fan STAF, op in binend skriftlik advys fan in troch it bestjoer fan STAF ynstelde sjuery.
As it bestjoer fan miening is dat in priis net takend wurde kin giet de takenning oer.
De sjuery wurdt oansteld foar 15 septimber fan it jier foar it jier wêryn de priis takend wurdt.
De sjuery makket sels út wa’t har foarsitter wurdt.
De sjuery kin bystien wurde troch in siktaris, oan te wizen troch it bestjoer fan STAF.
De sjueryleden meie gjin direkte konneksjes hawwe mei it selskip dat de STAFpriis of in STAFoanmoedigingspriis kriget.
Der binne 3 sjueryleden. In bestjoerlik/organisatorysk saakkundige, in artistyk saakkundige en in sjuerylid dat op oare wize besibbe is mei it toaniel yn Fryslân.
De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan € 1.000,-.
De priis kin net twa kear efterinoar oan itselde selskip takend wurde.
Foar de twa selskippen dy’t nei it oardiel fan de sjuery de priiswinner it meast koartby komme is der ek in oarkonde mei foar elk in bedrach fan € 250,-.
Utrikking fan de prizen sil plakfine op in troch it bestjoer fan STAF oan te wizen plak en datum, as it heal kin yn it fearnsjier wêryn de prizen takend binne.
| De beoardieling >>> |
