Ynformaasje oer de nije bydrageregeling
STAF hat in nije bydrage regeling fêststeld foar jongereintoaniel fan selskippen dy’t by STAF oansluten binne.
De regeling sels kinne jo oproppe as jo betingsten bydrage oanklikke.
Yn it koart sein komt it der op del dat in bydrage frege wurde kin foar in produksje, foar kursussen, rjochte op de ûntwikkeling fan jongelju, jonger as 21 jier, dy’t dwaande binne mei it jongereintoaniel, foar of efter de kûlissen, of foar oare aktiviteiten dy’t tsjinstich binne oan de ûntjouwing fan toaniel troch jongerein, dit lêste ta beoardieling fan STAF.
Tink der om: der wurde gjin bydragen jûn foar de hier of oanskaf fan materialen of apparatuer, mar wol foar it skriuwen, bewurkjen of oersetten fan in stik, de kosten fan de regy en alles wat dêr streekrjocht mei te krijen hat.
En it is ek sa dat jimme subsydzje oanfreegje moatte foardat it spul út ein set is.
De bydrage is gelyk oan de hichte fan de kosten fan de produksje of de kursus, mar mei in maksimum fan € 200,-.
De bydrage foar oare aktiviteiten wurdt troch STAF foar eltse oanfraach apart fêststeld.
Foar de bydrageregeling hat STAF yn it earste jier € 2.000,-- op de begrutting set.
Wol jimme selskip foar stipe yn oanmerking komme dan is it nedich om dat oan STAF witte te litten, en dat moat barre troch in oanfraach yn te tsjinjen op in op te heljen oanfraach-formulier .
STAF sil alle war dwaan om yn in tiidsbestek fan 4 wiken nei ûntfangst fan jimme oanfraach útslútsel te jaan oer de takenning fan stipe.
Der is it hiele jier gelegenheid om in bydrage oan te freegjen.
Fersiken wurde behannele op folchoarder fan ynkommen, mar op is op.
Nei ôfrin fan datjinge werfoar de stipe jûn is freget STAF skriftlik ferslach te dwaan.
Dat hoecht net wiidweidich. Wat der yn elts gefal yn stean moat is oanjûn op it ek op te heljen evaluaasjeformulier.
Sadree it ferslach by STAF ynkaam is wurdt de taseine bydrage útbetelle.
| DUS, KOM OP; LIT US NET MEI IT JILD SITTE ! |
