Artikel 1

STAF jout yn har jier-begrutting de hichte oan fan it bedrach dat beskikber is foar stipe oan it jongereintoaniel yn al syn ferskiningsfoarmen, troch it jaan fan jildlike bydragen oan by STAF oansletten selskippen

Artikel 2

1. In bydrage kin takend wurde:
a. foar kosten dy't makke wurde foar in produksje troch jongerein.
b. foar kosten dy't makke wurde foar it folgjen fan kursussen dy't rjochte binne op de ûndtwikkeling fan de jongerein, sawol foar spilers as ûnderstypjende funksjes.
c. foar kosten dy't makke wurde foar oare aktiviteiten tsjinstich foar de ûntjouwing fan toaniel troch jongerein, ien en oar troch it bestjoer fan STAF te beoardielen.
2. Gjin bydragen wurde takind foar oanskaf of hier fan materialen of apparatuer.
3. a. ûnder "jongerein" wurde jongelju ferstien dy't jonger binne as 21 jier by oanfang fan it kalinderjier wêryn de stipe frege wurdt;
b. as "in produksje troch jongerein" wurdt in produksje beskôge wêrby de grutste helte fan de meiwurkers bestiet út jongelju, dy't by oanfang fan it jier wêryn de produksje spile wurdt, jonger binne as 21 jier; de net-spyljende meiwurkers meirekkene.
4. As kosten, bedoeld by lid 1, ûnder a, wurde beskôge de kosten fan skriuwen, bewurkjen of oersetten fan in stik, de kosten fan de regy en de kosten dy't der streekrjocht oan ferbûn binne, dekor, ljocht en muzyk, boekjes, opfieringsrjochten, grime en sealhier. (konsumpsjes en blommen dus net !)

Artikel 3

1. De bydrage foar in produksje as bedoeld by artikel 2, lid 1 ûnder a, is gelyk oan it totaal fan de by lid 4 neamde kosten, mar is op syn heechst € 200,-
2. De bydrage foar it folgjen fan in kursus as oanjûn by artikel 2, lid 1, ûnder b is gelyk oan it totaal fan de derfoar te meitsjen kosten, mar is op syn heechst € 200,-
3. De bydrage foar kosten foar oare aktiviteiten, as bedoeld by artikel 2, lid 1, ûnder c wurdt foar eltse oanfraach bepaald troch it bestjoer fan STAF

Artikel 4

Oanfragen om in bydrage moatte rjochte wurde oan it bestjoer fan STAF, p/a Postbus 1288, 8900 CG Ljouwert
Foar it dwaan fan in oanfraach moat gebrûk makke wurde fan it derfoar fêststelde formulier, nei jin ta te lûken fia "Oanfraach-formulier"
Fersiken foar aktiviteiten dy't al rinne of ôfrûn binne, op it momint fan yntsjinjen fan it fersyk om in bydrage, wurde ôfwiist.
STAF sil alle war dwaan om úterlik 4 wiken nei ûntfangst fan it fersyk skriftlik witte te litten of der ja dan nee op in bydrage rekkene wurde mei. De tasizzing is altyd ûnder betinkst dat foldien wurdt oan it bepaald yn kêst 5.

Artikel 5

Uterlik 4 wike nei de aktiviteit werfoar in bydrage takend is moat it selskip oan wa de bydrage takend is in ferantwurding oan STAF oerlizze.
It formulier foar de ferantwurding kin lutsen wurde fia "ferantwurding"
Allinne folslein ynfolle formulieren wurde yn behanneling nommen, c.q. kinne liede ta útbetelling fan de bydrage
STAF sil alle war dwaan om 4 wike nei ûntfangst fan it ferantwurdingsformulier it takende bedrag oer te meitsjen.


Fêststeld troch it besjoer fan STAF op 16 jannewaris 2007


<<<