Wurkgroep Oplieding ta Karmaster STAF
Yn de Wurkgroep WOK hawwe de folgjende persoanen in sit:
- Anneke de Vries - 0511-474118
- Siebren Mook - 0512-510725 / 06-53478405
- Jelle Terwal - 0516-491969 / 06-30493981
Wy sykje minsken dy’t in soad nocht hawwe oan (amateur)toaniel, dy’t in objektyf en kritysk oardiel hawwe en dat ek beärgumintearje kinne en doarre te kommunisearjen mei regisseurs en spilers.
Minsken dy’t sels ek al yn hokker foarm dan ek mei toaniel dwaande binne of west hawwe.
Minsken dy’t graach har kennis fergrutsje wolle en har gefoelens diele wolle mei oare toanielleafhawwers.
Koartsein: wy sykje minsken dy’t in part fan harren frije tiid stekke wolle yn dy prachtige hobby: toaniel.
Yn ruil foar dy tiid biede wy in nijsgjierrige en djipgeande oplieding foar útwikseling mei kollega-karmasters en profesjonals út de Fryske toanielwrâld.
