IFAT

STAF is mei in bestjoerssit fertsjinwurdige yn IFAT.
IFAT is: It Frysk Amateur Toaniel en is it oerkoepeljende orgaan foar Frysktalich amateurtoaniel yn Nederlân mei lanlike subsydzje.
IFAT hat ta doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer en yn it bysûnder it opfieren fan Frysktalich toanielwurk troch amateurs.

 

FRATS

FRATS is de Fryske Amateur Teaterskoalle en ûnderdiel fan de Stichting Keunstwurk.
Dizze organisaasje fan professionals, docht oplieding, advisearret en produsearret op it mêd fan amateurteater yn Fryslân.
Mei frats fynt oerlis en ôfstimming plak oer aktiviteiten, ferlet en ûntjouwings. Dêrneist wurdt der gearwurke mei frats wêrby dit jier de klam leit op jongereinaktiviteiten.

 

Kolleezje fan advys

Yn dit kolleezje hawwe fiif toanielorganisaasjes in sit:

It kolleezje hat in advisearjende rol oan organisaasjes op it mêd fan amateurtoniel yn Fryslân.
Der fynt ôfstimming plak op elkoars wurkfjilden en mienskiplike belangen wurde behertige by provinsjes, gemeenten en keunstwurk.
Fierder is der oerlis en ynformaasje útwikseling

<<<