Enkête tusken publyk en poadium
Yn gearwurking fan STAF en FRATS is in enkête opsetten. Fan de 262 fersprate enkêtes binne 99 ynfolde formulieren werom stjoerd. In grut tal (68) selskippen, oansletten by STAF hawwe hjir oan meidien.
In pear opfallende saken:
By STAF oansletten selskippen binne taalbewust. 94% spilet inkeld en allinne Frysk repertoire.
94% fan ús selskippen brûkt de STAF-nijsbrief as ynformaasjeboarne. In tredde part fan de selskippen hat it dreech om de begrutting rûn te krijen. De wichtichste tûkelteammen by de selskippen binne: it finen fan geskikte bestjoersleden, it finen fan in geskikt stik en it finen fan goede (jonge, manlike) spilers. Der is ferlet fan koarte kursussen op it mêd fan: it útsykjen en analysearjen fan stikken, akteartraining, lûd- en ljocht technyk, grime, dekor, it winnen fan fûnsen.
De útkomsten binne yntusken ferwurke en der binne konklúzjes oan ferbûn. Boppesteande saken hawwe fan ynfloed west op it nij te ûntwikkeljen belied fan STAF.
Beliedsplan 2006 2008
STAF hat in beliedsplan foar de kommende trije jier.
It bestjoer hat in tal oandachtspunten formulearre, te witten:
- ynterne en eksterne kommunikaasje/PR
- de fraach oft seleksje fan in slútjûnstik oanpassing fertsjinnet
- it jongereintoaniel fuortsterkje troch fasilitearring en mear aksje
- it stypjen fan nij repertoire
- yn gearwurking mei FRATS kursussen opsette
- it oangean, dan wol fuortsterkjen fan kontakten mei NVA en Theaterwerk.nl
Foar in part folgje dizze punten út de enkête “tusken publyk en poadium”.
Understeande punten binne in neiere ynfolling fan de boppeneamde oandachtspunten fan de enkête út:
- dwaan en litten fan STAF mear ûnder de oandacht bringe fan de oansletten selskippen
- witte litte dat STAF mear wol en kin (bygelyks begelieding by problemen; as gearwurking winske wurdt; útwikseling fan spilers; brûken fan mekoars technyk, dekors, ensafuorthinne)
- STAF moat kursussen oanbiede (útfiering û.o. FRATS), mar net nei't wy ús fersekere hawwe, dat wy, wat wy sizze te dwaan, ek neikomme kinne
- bestean fan STAF ûnder de oandacht bringe fan net oansletten selskippen
- ûndersykje oft STAF it ta stân kommen fan nije stikken of oersetting fan stikken finansjeel stypje kin
- opsette of koördinearje fan databases
Fan út it beliedsplan wurde konkrete projekten opset.
As jo noch op- en/of oanmerkingen ha, ideeën of fragen oer dit beliedsplan dan kinne jo kontakt opnimme mei ynfo@staf-fryslan.nl .
<<<