In merk foar alles wat jo sykje oangeande toaniel !

Keapje of hiere: it kin allegearre !
Hjir kinne jimme alles fine wat troch oare selskippen te keap of te hier oanbean wurdt.
Ek is it mooglik om sels saken op dizze side te keap of te hier oan te bieden.


In soad fan de by STAF oansletten toanielselskippen hat in stik útsocht om te spyljen. It is in hiele útdaging om mei jimme selskip it stik op de planken te bringen.
Mar... dekôr, klaaiing, technyk, freegje nochal wat fan jimme. En de jildpûde is hast leech!
Net alle selskippen hawwe genôch jild om samar mei in produksje te begjinnen.
Ek komt it foar dat je bepaalde saken oangeande klaaiing, dekôr, technyk fanneden binne en mar net fine kinne.
Dan is dizze side jimme rêding.

<<<