Fansels binne der by selskippen faak genôch swierrichheden. En meastentiids sil in selskip dat sels ek wol oplosse. Oeral is wol ris wat.
Mar der kinne sitewaasjes wêze op bestjoerlik of organisatoarisk mêd wêr't it bestjoer it swier mei hat. It fuortbestean fan in selskip soe bygelyks yn gefaar komme kinne. Wit dan, dat jim selskip dan by STAF terjochte kin.
It STAF-bestjoer is der foar de selskippen en as it nedich is kin in selskip oan de skille lûke. En doch dat net te let.
Wy sette ús graach yn om mei it selskip nei in goede oplossing te sykjen.
In telefoantsje of e-mail nei STAF is genôch: 058 2343449