It oanleverjen fan parseberjochten oan de krante:
Elk selskip wol graach dat de krante oandacht besteget oan syn toanielútfiering. Want wat is der no moaier as in stikje yn ’e krante oer de útfiering mei dêryn in krityske beskôging troch de kultureel ferslachjouwer fan sa’n krante.
Faaks wurdt soks regele troch de krante fan tefoaren efkes te beljen dat de útfiering dat wykein syn premjêre hat, of it kin sels wêze dat de krante it al sjoen hat yn in eardere oankundiging.
Mar ek hiel faak slagget soks net, en it wurdt al hielendal dreech wannear’t men yn bygelyks in kultueraginda opnaam wurde wol.
Hoe dogge je no soks? Wêr moatte je dan wêze? En wat wolle de kranten dan krekt fan sa’n selskip witte?
Wy ha as STAF dêrom oerlis hân mei Gerbrich v.d. Meer fan it Frysk Deiblêd.
Gerbrich is kultureel ferslachjouster foar u.o. boppesteande krante. Se jout ek oan dat de kommunikaasje tusken de selskippen en de krante hjir en dêr bêst noch wol better kin.
Gerbrich seit ek dat de kranten bêst wol fan tefoaren oandacht besteegje kinne en wolle oan in útfiering fan in Frysk amateurselskip, mar dat dat hiel faak mis giet om’t de gegevens ferkeard, te let of hielendal net oanlevere wurde.
Dêrom ha wy it hoe en wat fan it oanleverjen fan ynformaasje oan de krante op in rychje set:
Leverje ynformaasje altyd oan as in parseberjocht. Stjoer dit nei de redaksje fan de krante(n); it leafst digitaal en fia e-mail. Sa’n digitaal berjocht kin gewoan skreaun wurde in Word (in .doc file). Wolle jo dat sa’n berjocht yn it Frysk yn ’e krante komt, skriuw it dan ek yn it Frysk en set der dúdlik by dat it ek yn it Frysk yn ’e krante moat!
Wat binne no de punten dy’t yn sa’n parseberjocht hearre te stean?
- De titel fan it stik
- Namme fan de skriuwer en de oersetter
- Wa spylje der mei; wa dogge de omballingen; wa docht de regy.
- Data fan útfiering, wannear is de premjêre
- Jûn fan útfiering en tiid fan oanfang.
- At it stik in Fryske premjêre is, jou dat dan dúdlik oan. Soks is ek foar de krante tige wichtich om te witten!
- Jou in koarte ynhâld fan it stik, en jou oan wat sjenre it is (komeedzje, drama, is der muzyk by ensafuorthinne)
- Wat is de doelgroep dy’t je berikke wolle (yn it bysûnder at it om jongereinteater giet)
- Is der in spesjale oanlieding foar de opfiering? Bygelyks, is it in jubileum fan de feriening?
- Jou foar mooglik oerlis ek nammen en telefoannûmers fan kontaktpersoanen fan it selskip.
- Binne der al foto’s: doch dy dan by it berjocht. Betingst is dan wol: kwalitatyf goede foto’s, frij fan rjochten, 300 dpi yn jpg-format, en minimaal 1 mb grut (wat grutter wat better). Jou ek oan wa’t de foto makke hat.
- Hat de feriening yn thússide, jou dat dan ek oan.
At je wolle dat de útfiering yn in út-aginda komt te stean jou dat dan twa wiken fan tefoaren op oan de krante (ek wer oan de redaksje); en tink dêrby ek wer om boppesteande punten.
Foar wat it Frysk Deiblêd oangiet kinne jo de ynformaasje en data trochjaan oan cultuur@frieschdagblad.nl. Dogge jo dit op tiid, dan komt de útfiering op de FD-aginda te stean. Op dat stuit binne der dan mear mooglikheden om mooglik in resinsint te regeljen en in artikel te skriuwen.
Wy hoopje dat boppesteande wat mear dúdlikens jout yn it oanleverjen fan ynformaasje oan de parse. STAF stribbet der fierders nei om safolle mooglik ynformaasje troch te spyljen oan de parse (spyllisten stjoere, jubilea en jubilarissen trochjaan ).
Sitte jim no noch mei fragen op dit mêd, dan kinne jim altyd efkes kontakt sykje mei ús bestjoerslid Iebe Bouma, dy’t dan besykje sil jim fierder te helpen.
| foarbyld opset parseberjocht / voorbeeld opzet persbericht >>> [24 KB] |