Alle by STAF oansletten selskippen binne automatysk fersekere tsjin oanspraaklikens;
dêrnjonken rint der in transport- en ferbliuwsfersekering
foar guod fan de feriening, of guod dat in selskip yn brûklien hat en der rint in brânfersekering
foar eigendommen fan it selskip.
Wetlike oanspraaklikens.
Transport en ferbliuw fan guod fan it selskip en guod, dat it selskip yn brûklien hat nei en yn de seal wer’t spile wurdt.
In hiel goede saak,want in ûngelok sit yn in lyts hoekje.
Foar de WA- en de Transport- en ferbliuws-fersekering jildde in eigen risiko fan € 25,-
De assuradeuren woene dizze fersekering stopje litte, om’t der neffens harren te folle lytse claims op binnenkamen, wer’t hja
in protte wurk fan hiene.
Nei oantrunen fan ús kant is de fersekering net opholden, mar de assuradeuren woene perfoarst in eigen risiko ynfiere fan € 500,-
Wy koene net oars as dêr akkoart mei gean.
In nijsjirrige ûntwikkeling is, dat in tal gemeenten yn't ramt fan't frijwilligers-belied kollektive fersekerings ôfslute foar alle
frijwilligers dy't yn harren gemeenten aktyf binne.
Dy fersekering is der foar bedoeld om skea fan minsken, dy’t harren ynsette foar de mienskip te dekken.
Mooglik beskôgje hja de frijwillige ynset foar in toanielselskip ek as frijwilligerswurk.
Dan soe de skea mooglik dêr te ferheljen wêze.
Mar tink der om; net alle gemeentes hawwe sa’n fersekering.
Us bestjoer is der benijd nei hoe’t dat yn jimme gemeente sit.
Wy freegje jimme om dat by jimme gemeente nei te gean en dat oan ús troch te jaan.
Hjirfoar kinne jimme gebrûk meitsje fan it e-mailadres: ynfo@staf-fryslan.nl