Giet it amateurtoaniel jo oan it hert en wolle jo hjir wat mei dan is in sit yn it bestjoer fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân in moaie útdaging.
Wy sykje enthousiaste minsken dy in sit nimme wolle yn ús bestjoer.
Neffens ús statuten kinne bestjoersleden net te lang sitten bliuwe en is der sa no en dan ferlet fan nije minsken. Lyk as op dit stuit en derom dogge wy in oprop om hjir kandidaten foar te finen.
As it jo sels net past mar faaks ien witte dy dit hiel skoan dwaan kin dan hearre wy dat ek graach fan jo.
Amateurtoaniel kin net sûnder spilers mar ek net sûnder bestjoerders.
STAF jout stipe oan behâld, ûntjouwing en fernijing fan it amateurtoaniel yn ús provinsje.
Liket it jo wat, as wolle jo hjir mear fan witte, nim dan kontakt op mei ien fan ús bestjoersleden of kom gewoan in kear lâns foar in bestjoersgearkomste.
Henk de Glee
Foarsitter